Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Gebrûksoerienkomst

Omdat Hattrick foldwaan moat oan de Europeeske regels fan it omgean mei persoansynformaasje, moatst ús Gebrûksoerienkomst oannimme foardatst tagong krije kinst.

Dit is in gearfetting fan de haadpunten fan de Gebrûksoerienkomst, en as der ferskillen binne tusken dizze tekst en de Ingelske Gebrûksoerienkomst, dan jildt altyd de Ingelske Gebrûksoerienkomst.

1. Wannear'tst dy oanmeldst foar Hattrick, brûk dan dyn echte namme en adresgegevens. Dit makket it makliker foar ús om te kontrolearjen of dyn identiteit kloppet en om dy te helpen atsto op ús side tsjin problemen oanrinst. Earlik spul is tige wichtich foar ús, de GameMasters fan Hattrick bringe dan ek in protte tiid troch mei it bestriden en foarkommen fan falsk spul. Betroubere ynformaasje oer dielnimmers kin hjir by helpe.

Atst jonger bist as 18, moatst de tastimming fan dyn âlders ha as de wet yn dyn lân dat ferplichte stelt.

2. Do moatst dy altyd oan de Hûsregels hâlde. Meist dy mar ien kear ynskriuwe. It is net tastien falsk te spyljen of in oar syn Hattrickploech te kreakjen. En ferjit fansels net de Netikette, gedraach dy in bytsje. Do meist nea oare dielnimmers bedriigje, beledigje of spamme. En respektearje in oar syn kopiearrjochten.

Asto dizze regels net opfolgest kinsto dyn ploech ferlieze, of fan it spul útsletten wurde troch in GameMaster. Dyn ploech sil ek ferwidere wurde asto dy 7 wiken lang net oanmeldst.

4. Wy besykje in sa goed mooglike tsjinst te leverjen as wy kinne. Mar wy kinne gjin garânsjes jaan dat de tsjinst altyd beskikber wêze sil en dat der nea gegevens ferlern gean sille.

5. Asto ús gegevens joust, jousto ús it rjocht dy ynformaasje te brûken. Mar wy jouwe om dyn privacy en folgje de regels oangeande privacy fan de Europeeske Uny.

Wy sille dy nea reklame tastjoere, of in tredde partij dy't net ferbûn is mei Hattrick tagong ta dyn gegevens jaan.

Fan tiid ta tiid is it mooglik dat wy in nijsbrief ferstjoere, of oare spul-relatearre e-mails, lyk as in oantinken oan dyn wachtwurd.

Wy brûke cookies op ús side om dy in bettere erfaring te jaan.

Do kinst ús folledige privacybelied hjir yn it Ingelsk lêze.

6. Wy ha in grut oantal jierren fan hurd wurkjen yn Hattrick stutsen en wy hoopje datst begrypst dat atst eat dat fan Hattrick is, bûten Hattrick brûke wolst, earst om tastimming fregest.

It kin wêze dat wy wizigings yn ús Gebrûksbetingsten of Privacybelied oanbringe moatte. Yn dat gefal litte wy dy dat witte op de webside.

 
 
Rate this page
Server 096