Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Hattrick Skiednis

Seizoen 81 (4 april 2022 )

Der wurdt in nije rige missys útbrocht, rjochte op ploechen sûnder foarútgong yn in soad seizoenen.Je kinne no lid wurde fan in ekstra Local Circle.Ast boppe in spilerslink yn it foarum sweeft, kinst no de namme, leeftiid, eigener ensfh. kontrolearje sûnder de side dêr ' tst op út hoechst te gean.We ha ek in wiidweidige modus foar hichtepunten taheakke foar de wedstriidrapportpagina.

De trainingsplanner krijt in upgrade, sadat jo no ûnder oare meardere trainingsplannen kinne oanmeitsje. Wy litte no famyljebannen yn Hattrick sjen en elke nije spiler sjen litte as se besibbe binne oan oare potensjeel ferneamde Hattrick-karakters.

Spilers kinne no ek trofeeën krije as se meiwurke hawwe oan it kampioen wurden fan harren ploech.Der is ûnderhannele oer bettere sponsorbeleannings om in bettere balâns tusken risiko en beleanning te bieden.

Seizoen 80 (13 desimber 2021 )

Wedstriidkommentatoaren binne better taret op wedstriden en diele mear ynformaasje oer spilers, ploechen en eardere prestaasjes.Prestaasjes kinst noait genôch ha, dêrom hawwe wy der noch in pear tafoege.

In nije databanktsjinner wurdt yn gebrûk nommen, dus mear opslachromte, mear kompjûterkrêft, etc. wat ús mear opsjes jout om te dwaan wat wy yn 'e takomst wolle dwaan. Mei ' Preferred Series ' kinst dyn favorite paad troch it Hattrick-League-systeem kieze, oft it no omheech, omleech of sels ast yn itselde kompetysjenivo bliuwst.

Wy hawwe ús wedstriidside bywurke mei nije funksjes en it ek flugger makke mei bettere laadtiden en responsiviteit. Mei in bettere stadion-yntegraasje wurdt ûnder oare it stadion fan de gasthear brûkt as eftergrûn foar wedstriden en kinst no ek it snijpatroan foar it fjild selektearje.

De spilerspaders krije in upgrade, wêrtroch 't it makliker wurdt om wichtige ynformaasje oer harren by de hân te hawwen. Ek wurdt der mear ynfo toand, lykas blessueres, reade kaarten en goals.

Seizoen 79 (23 augustus 2021)

Dit seizoen traapje we ôf mei in kompetysje yn beheinde oplage, ’Apache league’, dêr 't dielnimmende ploechen seis seizoenen lang om let besykje de top te berikken. Der wurde ferskate app-ferbetteringen útbrocht, lykas in forumsykopdracht, spilerdoelen en - caps en noch folle mear.

Nasjonale ploechfederaasjes binne no iepen foar elkenien, ynklusyf brûkers dy 't net-supporters binne.Jo kinne no in apart shirtûntwerp foar jo keepers hawwe.Wy hawwe ek mear prestaasjes foar jo tafoege om nei te stribjen.

De matchtaktiken Drukken, Oanfal op wjukken en Oanfal yn 'e midden ûndergean in pear wizigingen om dy trije taktiken yn lykwicht te bringen mei alle oare beskikbere taktiken yn Hattrick.Fan no ôf kinst misjes akseptearje dy 't op bepaalde punten yn dyn Hattrick-karriêre aktivearre wurde kinne en dy ekstra doelen jaan om te berikken.

De nije Stadion-ûntwerper makket ek syn opwachting yn ús app tegearre mei in pear lytse ferbetteringen. Om te foarkommen dat de bestegingslimyt fan de bestjoersreserves omsyld wurdt, kin it Bestjoer beslute om jild yn de reserves te hâlden foar bepaalde ferkochte 'Gold Bar'-spilers dy 't net faak foar dyn klup spile hawwe.

Foar it begjin fan elk nij seizoen kinne jo no in sponsor kieze út fiif oanbiedingen en jo nijsgjirrige karren oanbiede, ôfhinklik fan hoefolle risiko oft jo ree binne te nimmen.

Seizoen 78 (3 maaie 2021 )

Mei Lokale Sirkels kinst no petear hâlde en Duels spylje mei oare managers dy 't yn itselde gebiet sitte. Begjinnende managers kinne no, tegearre mei harren mentoaren, gebrûk meitsje fan in petear wylst se yn 'e kunde komme mei it spul.

In ferbettere Stadion-ûntwerper komt werom nei in skoftke net beskikber west te hawwen om 't Flash mei pensjoen gie. Wy hawwe ek in hiele rige nije statistiken en relatearre funksjes tafoege.

Elkenien dy 't fan prestaasjes hâldt, wurdt bedoarn mei in soad nije prestaasjes om syn tosken yn te setten.Neist ferskate oanpassing oan de nije Wedstryd Pakket Ûntwerper hawwe we dizze ek beskikber makke foar ús app-brûkers.

Seizoen 77 (11 jannewaris 2021)

Wy traapje ôf mei in nij WK-systeem mei in fleksibeler format dêr 't alle 144 lannen mei stride kinne. Wy yntrodusearje ek nije kontinentale kampioenskippen foar Europa, Afrika, Amearika en Azië-Oseanië.

Wy presintearje in nij toernoaiformaat wêrby 't in ferlies net betsjut datst fuort út it toernoai weihelle wurdst. In ferbettere line-upsimulator makket it mooglik om wer, lokaasje, teamgeast en teamfertrouwen te simulearjen mei in oanpaste opstelling nei kar.

Einlings docht de nije Kit Designer syn yntree nei 't we in pear moanne lyn ôfskied nimme moasten fan Flash. Wy hawwe in Chat Portal tafoege dy ' tst in folle better oersjoch jaan moatst fan chats dêr ' tst lid fan bist.

De wedstrydside toant no in grafyk fan relative posysjes foar alle ploegen yn 'e searje troch it seizoen, en ek in ynteraktive krústabel wêr't jo it thús-/útrekord fan it iene team tsjin it oare kinne besjen. Wy hawwe ek in nije gearfettingsside fan prestaasjes útbrocht.

Seizoen 76 (21 septimber 2020)

Myanmar, Zambia, San Marino, Puerto Rico en Haïti foegje har dit seizoen by de Hattrick-famylje. In pear presintaasjewizigingen oangeande training sjogge it deiljocht.

Us app krijt in grutte update wêrby 't in soad funksjes fan de site no ek yn de app opnaam wurde.Je kinne no toernoaien meitsje en ploechen útnûgje.Kinst de ûntwikkeling fan feardichheden, it salaris en de blessuereskiednis en de tinkweardige foarfallen fan dyn spilers sjen.En dan neamden we noch mar in fraksje fan wat der taheakke wie.

De Wrâldside krijt in opknapbeurt.Wy hawwe ek in nije grafyk taheakke oan de side klupskiednis, dy 't de fuortgong (of it ûntbrekken dêrfan...) fan dyn ploech yn kompetysje en beker oer de seizoenen sjen lit.

Seizoen 75 (1 Juny 2020)

Mei Belize, Botswana, Madagascar en Saint Vincent en de Grenadines ferwolkomje wy fjouwer nije kompetysjes yn Hattrick. Wy bringe ferskate trainingsgoadzjes út wêrûnder in Training History-side dêr 'tst sjen kinst wost op in bepaald momint oan it trainen wiest.

Der is in ynstelling tafoege foar duels en toernoaien wêrtroch 't dy wedstriden 3 of 6 kear flugger spile wurde kinne. De Hattrickside wurdt ek wider makke, wêrtroch 't wy mear romte hawwe om mei te wurkjen. Ek is der op ferskate siden nije funksjonaliteit tafoege lykas in fernijde kompetysjeside en in oerstaplist update.

Seizoen 74 (10 Febrewaris 2020)

Bekerstatus, blessearre of skorste spilers, wedstriidkommentatoaren jouwe dy in bettere kontekst foar de wedstriidfoarfallen. Mei de opliedingspylder kinne jo opliedingingsplannen meitsje dêr 't jo ûnder mear feardichheden en salarissen mei foarsizze kinne by in beskaat opliedingsrezjym.

In geüpgrade kalinder yn My Office jout in folle better oersjoch fan wat der no wichtich is - mar ek yn de kommende wiken. Wy hawwe ferskate oanpassingen dien oan de " gesprekskaarten " yn My Office, dêr 't jo wichtichste personiel jo wichtich nijs oer jo team en spilers bringt.

De Power Rating is in nije wize om dyn teamsterkte te mjitten dy 't fierder giet as allinnich sektorbeoardielingen en spilersstjerren en wurdt berekkene op basis fan de bêste 7 fan dyn lêste 14 kompetytive wedstriden. Nasjonale teams sjogge in pear updates, lykas bygelyks de assistint-coaches dy 't no in freonskiplike wedstriid boeke kinne.

Kinst no dyn eigen kompetysjetoernoai meitsje. In op 'e nij ûntwurpen pre-matchpagina slút hieltyd mear oan by de Live-side. Bot-teams wurde folle dreger te ferslaan, se hawwe mear power om sa te sizzen.

Seizoen 73 (21 Oktober 2019)

Etiopië en de Demokratyske Republyk Kongo binne de folgjende twa lannen dy't tafoege wurde oan de Hattrick-famylje. Yn Divyzje Slach kinst no tegearre mei oare leden fan dyn kompetysje konkurrearje om dysels ta de sterkste kompetysje fan dyn divyzje te kroanjen.

De kompetysjetabel krijt in nij en ferbettere uterlik. Mei Tryouts kinst yn 'e opstellingssimulator besjen hoe't in spiler prestearje sil foardat beslutst de spiler ta te foegen oan dyn ploech. As beide managers it hjir oer iens binne kinst by in Ljedderwedstriid as in Duel no kieze foar in flugge start.

Wedstriidkommentatoren jouwe no mear ynformaasje, om't se net wolle dat do yn sliep falst as der net in soad bart tydens in wedstriid. Wa't de nije donkere eftergrûn fan ús app net leaf hat? Wy meie d'r wol oer!

Wy hawwe it kantoar opnij ynrjochte om de wichtigste ynformaasje makliker te finen. Yn 'e Nasjonale Ploegen krije scouts in mear promininte rol en in nije iepenbiere kandidaat-spilerlist foar elke Nasjonale Ploech makket it makliker om al dy nije en in soad ûnthjitte talinten te folgjen.

Seizoen 72 (1 July 2019)

Ferskate funksjes wurde no tafoege oan ús app, sa as it regeljen fan oefenwedstriden foar de jongerein en de opsje om NT-wedstriden te folgjen. Wy moatte fansels ek de ferbettere wedstriidoarder interface yn 'e app beneame.

De tastiene minimum persintaazje kondysjetrening nimt ta fan 5 nei 10%. Mentoren krije wat erkenning foar it wurk dat se dogge om nije brûkers te helpen harren wei yn ús spultsje te finen. Mei 'Kandidaat-spiler' en 'Ekstra Maksimaal bod' binne nije Gears-produkten tafoege.

De Nasjonale Ploegen krije beskikking ta in treningsside en assistintcoaches. De Hânlieding soe fansels tagonklik wêze moatte fanút de app, dus hawwe wy dizze tafoege. D'r is no ek in opsje om dyn berjochten lykas HT-mail en forumberjocht te besjen foardat se ferstjoerst. Tige handich as do ús HT-ML-opmaak brûke wolst om dyn skriuwen moaier te meitsjen.

Seizoen 71 (11 Maart 2019)

De Beker en de side meit it ferslach nei ôfrin fan 'e wedstriid krije in update. Neist Facebook en de gebrûklike registraasje, kinst dy no ek oanmelde mei dyn Google-akkount.

Seizoen 70 (19 Novimber 2018)

Nije kompetysjes tafoege ta Hattrick foar de earste kear yn 7 jier! De eilânnaasjes Komoaren, Kurasau, Gûam, Sri Lanka en Sao Tomee & Prinsipe waarden wolkom hjitten yn de Hattrick famylje. In protte nije funksjes waarden lansearre - foar 'e jeugdakademy, foar bettere statistiken, foar mear útdaagjende bekers en noch folle mear. It wichtichste wie dat in grutte update fan de Wedstriidoarder side, de wichtichste side yn Hattrick yntuïtiver, krêftiger en rapper makke hat.

Seizoen 69 (30 July 2018)

Hattrick waard folslein mobyl! In grutte nije lansearring foar ús snoadfoan apps betsjutte dat, foar de earste kear, brûkers no al harren ploechtaken ûnderweis fersoargje koene. Ea dat it út wie, waard likegoed in soad omtinken jûn oan 'e webside. Duels waarden yntrodusearre, en ferbetterings waarden trochfiert oan de Oerstapfergelyk, Ferlanglist, Ploech fan 'e Wike, lykas in protte oare saken.

Seizoen 68 (9 April 2018)

It team ûntwikkelers wie hurd oan it wurk mei in nije ferzje fan ús mobile apps, wat in rêstich seizoen betsjutte yn termen fan nije funksjonaliteiten.

Seizoen 67 (16 Desimber 2017)

In ûntwerpkompetysje waard holden ûnder de brûkers om nije ideeën te finen foar hoe't de takomst fan it spultsje d'r útsjocht en fielt. De priiswinners waarden útnoadige foar in twadde rûne, wat late ta geweldige konsepten dy't it Hattrick-team foarút ynspireare hawwe.

Seizoen 66 (28 Augustus 2017)

Grut nijs oan it kompetysjefront doe't de Generaasjebekers yntrodusearre waarden, in ynternasjonale konkurrinsjestriid wêr't managers útkomme tsjin oare teams dy't yn deselde tiid as harsels yn Hattrick binne begûn. In nije treningsside waard ek lansearre, wat better planningsark joech en mear details oer hokker faktoaren fan ynfloed binne op trening.

Seizoen 65 (8 Maaie 2017)

Wy ha ús chatsysteem ferbettere, wêrtroch it makliker te finen is. Do kinst tusken wedstriiddagen gau bykletse en ynspringe op wat der earder sein is.

In nije wedstriidoarderpagina is yntroduseard en neist in nij úterlik binne der ek in soad nije funksjes tafoegd. Do kinst bygelyks no 7 wiksels op de bank sette en oare funkses helpe dy fierder om in goede opstelling yninoar te breidzjen.

Seizoen 64 (16 Jannewaris 2017)

Hattrick International jout dy de mooglikheid om tsjian managers oer de hiele wrâld te spyljen. Dêrneist is it in folslein nije kompetysje, dus is it nijsgjirrich wa't de alderearste kampioen wêze sil oer seis seizoenen.

Blessueres komme no yn ferskate smaken, no't sy op ferskillende parten fan it lichem barre kinne. Blessuereynskattings binne presizer. Losse wedstriden kinne no analyseard wurde en de Ploechanalysefunksje wurdt ferbettere.

Us Platinum en Diamant Supporters stimme op in funksje dy't dy herinnerd oan it feit dat in jeugdspiler promoveard wurde kin nei de senioarenploech.

Seizoen 63 (26 Septimber 2016)

It Ploechanalyze Ark wurdt in stik ferbettere en no kinst sels dyn eigen ploech analyseare. Dêrneist kinst ek dyn eigen spilers bestudeare ast Supporter bist. De "wedstriid oppenij" funksje is no ek beskikber foar net-Supporters. De funksje kosset Credits.

Browsernotifikaasjes binne handich foar minsken dy't wat oars oan it dwaan binne mar neat misse wolle at der wat bart yn harren wedstriden. Nasjonale kompetysjes wurde ferbettere, ferskaffe ynteressante statistiken en litte de hûdige kampioen en bekerwinner sjen.

In soad ferbetterings binne frijjoen foar managers dy't in jeugdploech hawwe. Bygelyks binne de treningsresultaten drekst beskikber en dyn skouts sille dy gjin 17-jierrige talinten oanbiede. Hast gjin jeugd akademy? Dyn skoutingnetwurk sil ek net mear 19-jierrige spilers oanbiede.

Seizoen 62 (6 Juny 2016)

It folgjen fan de nije Live Toander makket it live folgjen fan in wedstriid in hiele belibbenis. Dêrneist ferskaffe wy ek ynteressante en bydetiidske statistiken tidens de wedstriid. De skiedsrjochter kin no ek blessueretiid bytelle en wy ha in chat tafoegd sadatst mei dyn tsjinstanner of oare managers út dyn kompetysje prate kinst wylst dyn wedstriden oan it sjen bist.

Mei it Ploechanalyze ark kinst de foarige wedstriden fan dyn oankommende tsjinstanners fluch analyseare

Seizoen 61 (15 Febrewaris 2016)

Wy litte no de nivos boppe godlik sjen. It mentorsysteem is ferbettere om de ûnderfining fan mentors en pupillen noch better te meitsjen.

Seizoen 60 (26 Oktober 2015)

Yn dit seizoen sil it personielssysteem ferbettere wurde en fanôf no krijt dyn personiel in kontrakt. Do kinst in taktysk assistint ynhiere en wurdfierders gean mei pensioen.

Einlings hawwe wy HT-Tiid loslitten en no kinst dyn eigen tiidssone kieze. Uteinlik kinst no dyn wedstriden folgje sûnder it tiidsferskil tusken dyn wenplak en sintraal Europa te hoeven berekkenjen.

Seizoen 59 (6 July 2015)

It sil makliker wurde om wedstriden te analysearjen om't we de statistiken foar alle kânsen yn de wedstriden neitiid sjenlitte. In opstellingssimulator is lansearre, mei oare wurden, in wedstriidoarder interface dy't bedoeld is om mei om te pielen en net keppele is oan in wedstriid.

Op ús 18e jierdei, lanseare wy salaris statistiken foar alle spilers en aparte statistiken foar goals dy in spiler by syn hjoeddeistige club hat skoard. It is no ek mooglik om oan toernoaien foar 32 en 64 tiims mei te dwaan en dizze toernoaien te organisearjen.

Wy binne grutsk dat Hattrick mei it Indonesysk noch in oersetten taal derby krijt. Us eigen praatsysteem wurdt lansearre as de nijste funksje foar ús mobile apps. No kinst prate mei minsken út dyn divyzje, mei dyn wedstriidtsjinstanner of binnen yn in federaasjekeamer, dy't fansels iepen is foar alle leden fan dy Federaasje.

Seizoen 58 (16 Maart 2015)

Fertrouwen sil him fan no ôf mear foarspelber gedrage en ekstreme dalingen sille minder faak foarkomme. De treningsstraf foar in automatyske oerwinning is fuorthelle, sadat de spilers dy't deselde wike in oare wedstriid spylje net mei de negative gefolgen sitte. No't wy it hawwe oer straffen, de strafskoppesearje sil no mar in pear minuten duorje yn stee fan earder oant 20 minuten.

Supporters kinne harren Earegaleryspilers yn jeugdskouts, jeugdtreners en eltse oare soart personiel yn harren klup feroarje. Us mobile app hat no ek in sosjale seksje dêr'sto de foarums oersjen en lêze kinst. Fansels kinst hjir ek op de foarums skriuwe en dyn postfak beheare.

De ôfrûne jierren hawwe wy ferskate ynitsjativen fan ús brûkers sjoen mei as doel it helpen fan nije brûkers om se te learen wêr't Hattrick oer giet en hoe it spile wurde moat. Wy biede no ek stipe oan dy brûkers om it in stik makliker foar harren te meitsjen om nije brûkers te mentorjen yn it dwaan en litten fan Hattrick en wy hoopje dat sy krekt sa ferslingere oan it spultsje reitsje as wy.

In eksklusive toernoaibeker wurdt tidens it tuskenseizoen spile foar al ús Supporters. It sil yntenser wurde as by de normale Bekers en folslein ynternasjonaal. Dêrneist sil it genôch wille en ferrassingen foar de dielnimmers biede.

Seizoen 57 (24 Novimber 2014)

We binne tige bliid mei de lansearring fan ús nije mobile web en ús herûntwurpen iPhone en Android apps. We leauwe dat it de spulbeleving ferbetteret foar elkenien dy't har ynternet graach mobyl brûkt.

Supporters krije de mooglikheid om harren Netwurklist te organisearjen. Iepen Toernoaien jouwe managers de kâns om harren yn te skriuwen foar alle beskikbare toernoaien sûnder dat sy op in útnûging hoege te wachtsjen.

Seizoen 56 (4 Augustus 2014)

Wy ha ús Bekersysteem kompleet werynrjochte om mear ploegen de wille fan in betsjuttingsfolle goai nei de Beker ûnderfine te litten. Dêrneist yntrodusearje wy Divyzje Bekers foar de legere divyzjes. Wy sille tagelikertiid mear prizejild útrikke en yn eardere stadia yn de Beker as eartiids.

Mei Amerikaansk Ingelsk, hat hattrick syn 55e taal útjûn.

Seizoen 55 (14 April 2014)

Dit seizoen ferskynt eindelik it langferwachte nije personielssysteem, dat it belangriker en ynteressanter foar dielnimmers makket om te besluten hokker personiel sy oannimme.

Wy sjogge in ferbettering fan it promoasjesysteem yn de legere divyzjes, mei mear kwalifikaasjewedstriden ta gefolch, en om mear wedstriden belangriker te meitsjen foar in langer skoft yn it seizoen. Ek wurdt it prizenjild ferhege.

It wurdt mooglik om oan mear as ien toernoai tagelyk diel te nimmen. Do kinst no yn in eachopslach de blessuereskiednis fan dyn spilers besjen. Mei it Managernetwurk kinne alle Hattrick-dielnimmers de ploegen en managers folgje dêr't sy om jouwe.

Mei it herneamen fan spilers en oanpasbere wedstriidfoarfallen ha wy in pear nije Gears-produkten tafoege. En as dat noch net genôch wie ha wy ek oefenwedstriden yn it tuskenseizoen tafoege, sadat der elts wykein in Hattrick-wedstriid is, behalve ast fansels gjin oefenwedstriid ynplenst.

Diamant is in nije Supporter graad dêr'sto al ús Gears produkten brûke kinst sûnder dat it dy credits kostet. It befettet ek in eksklusive werhellingsfunksje dêr'sto kontrolearje kinst wat er mei dyn wedstriid barre soe as dyn wedstriid noch tsien kear simulearre wurde soe.

Seizoen 54 (23 Desimber 2013)

In nij stik treningsark helpt ús Supporters bepale hoefolle trening harren spilers noch nedich ha foar't sy it folgjende nivo yn in bepaalde feardigens behelje.

Troch bettere ûndersteuning foar CHPP-applikaasjes kinne ús tredde-party-ûntwikkelers no nije, bettere en ynteressantere applikaasjes meitsje, dy't earder net mooglik wienen.

Foar it earst kin in diel fan de Hattrick-foarums lêzen wurde troch besikers dy't gjin Hattrick spylje. Wy yntrodusearje ljedders foar federaasjes. Fierder wurdt it foar Supporters mooglik om te sjen hoe't dyn wedstriidwurdearrings har ûntwikkelje tidens wedstriden mei Live Wurdearrings.

Om dit seizoen ôf te sluten wurdt Financial Fair Play oankundige, om derfoar te soargjen dat it ynternasjonale Hattrick-kompetysjesysteem in lykmjittiger terrein wurdt.

Seizoen 53 (2 Septimber 2013)

Nei lange tiid swaait Hattrick eindelik de Gouden Goal-regel út, dêr frege ús mienskip om by de jierdeisstimming. Troch deselde stimming kinst no ek dyn standertopstellings besjen, bewurkje en ferwiderje.

Jeugdploegen ha net langer in wike frij tidens de seizoenspauze fan de senioarenploegen.

Seizoen 52 (13 Maaie 2013)

Ljedders foarmje in alternative kompetysje mei in heger tempo foar dyjingen dy't mear aksje of in nije útdaging wolle, of dy't gewoan yn in tige leuke en ferslavende kompetysje spylje wolle. Azerbaidzjaans wurdt de 54e taal wêryn Hattrick beskikber is. Wy bringe in tagongsstatus-side út as ûnderdiel fan ús wurk om Hattrick tagonkliker te meitsjen.

Troch finansjele problemen ferkeapet Zattika Hattrick werom oan de âlde eigners. Ta opluchting fan in soad giet Hattrick troch, mar spitigernôch moat it ôfskied nimme fan guon respektearre en bekende kollega's lykas HT-klas en HT-Tjecken.

Seizoen 51 (21 Jannewaris 2013)

Troch de mooglikheid om dyn wedstriidresultaten te dielen mei freonnen op sosjale netwurken, kinst se fertelle oer dyn heroyske oerwinning of ûnearlike ferlies.

Hattrick Supporter is net mear ien produkt, mar bestiet út trije ûnderdielen: Platinum, Gold en Silver. Aparte prizen per lân jout dielnimmers yn de leaste lannen de kâns om Supporter foardeliger oan te skaffen.

In soad minsken twifelen oft wy ea mei in bettere aprilgrap komme koenen nei Balls. It yntrodusearjen fan skiedsrjochters waard beslist sjoen as in tige goede poging. No kinst ek beleaningspunten ferttsjinje troch dyn freonnen út te noegjen foar Hattrick.

Seizoen 50 (1 Oktober 2012)

Wurdearringsgrafiken foegje noch mear wearde ta oan de nije detaillearre wedstriidwurdearrings. Duels meitsje it mooglik om in ploech út te daagjen en noch mear wedstriden te spyljen bûten dyn reguliere roaster om.

Us Supporterpakket hat in grutte modernisearring krigen mei ûnder oare Oerstapferwachting, Ploechtema's en in Ploechlogobewurker. Guon âlde Supporterfunksjes wurde ek beskikber makke foar elkenien.

Autobiede iepenet de mooglikheid foar managers om op bêd te bliuwen nachts en tagelyk te spiler te krijen dy't se beslist ha wolle. Troch Biedingsmuorren jouwe wy de mooglikheid om beleaningspunten te heljen om Supporter en Credits te krijen sûnder datst echt jild útjoust.

Seizoen 49 (11 Juny 2012)

Us nije rekrutearingssintrum makket it makliker foar dy om freonnen út te noegjen foar Hattrick. Tegearrre mei Hattrick Press organisearje wy in Skriuwerswedstriid dêr'tst artikels skriuwe kinst oer dyn karriêre binnen Hattrick. In nije Managerslisinsje ferfangt de âlde Managerslisinsje-útdaging as diel fan ferbetteringen fan de nije brûkersûnderfining.

Om't Hattrick 15 jier ferlyn it ljocht seach, fiere wy dat mei nije wurdearrings dy't dy folle mear ynformaasje jouwe oer dyn wedstriden om te ferwurkjen. Der is ek in lansearring fan ús Jierdeisside dêr't wy wat aardige feiten diele oer ús earste 15 jier.

Us snoadfoanbrûkers kinne no ek genietsje fan Hattrick troch ús offisjele Android app dy't itselde wurket as dyn iPhone app.

Seizoen 48 (20 Febrewaris 2012)

Kinst mear freonnen útnoegje ta dyn kompetysje ast yn de twa leechste divyzjes spilest. Troch Hattrick Tournaments krijst de mooglikheid om tsjin elkenien te spyljen sûnder risiko op blessueres en kaarten dy't dyn reguliere wedstriden beynfloedzje.

In grutte stap yn ús skiednis is wannear't Hattrick him oanslút by Zattika, in spulútjouwer mei fokus op sosjale en mobile games.

Dyn wedstriidtenu's wurde no toand op it wedstriidformulier, en spilers dy't sûnt de lêste treningsbywurking in wedstriid spile ha wurde markearre. En asof dat net genôch is, ha wy ek de offisjele Hattrick iPhone-app útbrocht en wurdt it mooglik om dy mei Facebook oan te melden op Hattrick.

Seizoen 47 (31 Oktober 2011)

De kluptrou fan spilers dy't al in skoft yn dyn ploech sitte, sil soargje dat spilers better presteare. Hattrick Gears, ienmalich betelle funksjes lykas spileroanklaaiing wurde yntrodusearre. Wy meitsje ek nije statistyk beskikber op de webside yn in soarte fan smellere ferzje fan Alltid.org. Hattrick Press krijt syn eigen blog op Hattrick United en tagelyk krije federaasjes ek de mooglikheid om sels in blog te iepenjen.

Wy binne út de skroeven dat der op ús stimd is as Most Favourite Simulation Game of 2011!

Seizoen 46 (11 July 2011)

It formulier foar wedstriidoarders is ferbettere, it hat no in wurdearringsfoarspeller en de ideale posysje fan in spiler wurdt opljochte. Nijelingen kinne harren coach om in opstellingssuggestje freegje. It wurdt ek mooglik om twa spilers op it fjild fan posysje wikselje te litten.

Alle dielnimmers krije tagong ta it standert treningsrapport. Supporters krije in ferbettere treningsrapport, ynklusyf kondysje- en foarmbywurkings, en grafiken oangeande stadionbesyk en fanklupûntwikkeling. It is no ek mooglik om troch CHPP-programma's wedstriidoarders troch te jaan.

Season 45 (21 March 2011)

A lot of things happened around Hattrick this season. The perhaps biggest change in Hattrick is the introduction of My Office, the new start page for all managers. Apart from that there was three big releases: Hattrick United (our blog portal), Hattrick Widgets (widgets ready to use on almost any site/blog) and Hattrick Open (where you can play Hattrick tournaments against your friends whenever you want).

Hattrick Supporter celebrates its 10th birthday with customizable manager avatars, linked press announcements, new backgrounds and improved transfer hotlist.

Cameroon, Uzbekistan, Cuba and Palestine are new members of the Hattrick family, and the Icelandic language version is released.

Season 44 (29 Nov 2010)

After many years, Hattrick at last gets its long awaited Arabic language version. The Supporter package gets updated with live and home/away tables, like buttons and comments on press announcements, and team photos. And pre-match commentaries are now open for everyone, and it's also possible to book a friendly through Facebook.

In the game the general (form) training type is removed.

Season 43 (August 9 2010)

During this season Hattrick becomes a teenager, a truly amazing milestone. The biggest news for this season is faster training, on many skill levels much faster - but also slower on high levels. At the same time skill drops are also made more depending on skill and less depending on age. There are also some changes to staff; goalkeeping assistants are merged with assistant coaches, economists are removed and you can only have 30 staff member in total (and max 10 of each kind).

The match engine are given a better simulation of nervousness and underestimation, and special events are now distributed linearly according to ball possession. Club doctors are relieved to hear that new health findings put an end to longer injuries; when a player gets injured, +4 is now the longest the injury will be.

As if this wasn't enough we also get improved league fixtures, thanks to a member of the community (jimrtex). And speaking of the community; a beta of a forum search tool is released and the devs also open up their own blog to share their everyday life.

Season 42 (April 19 2010)

For the first time ever we got a match engine which is not based on 4-4-2, the new engine can handle all formations without having to reposition players making it more straightforward to use. One of the other pros of the new engine was that inner midfielders were made less powerful than before.

The finance page got an update and became more detailed, and it also included season summaries. Supporters also got financial graphs, for better overview. Hattrick also started a partnership with the Italian iconic sports paper Gazzetta dello sport.

Season 41 (Dec 28 2009)

Before this season started all bot teams from level six and below started to demote to the lowest divison at season’s end, and teams with active managers started taking their places to spice up the competition. The distribution of basic chances in the game engine is changed, making some chances exclusive for each team, to improve the balance and reduce the variance in the game. This also enabled a better handling of the counterattack and pressing tactics.

Maltese, our 50th language version is released, and so is our system information page which heavily improves our communication possibilities. The HFA welcomed a whole new generation of match reporters with a habit of being on time to the arenas, and at the end of the season the new order form is tested in the youth teams, and later on in senior friendlies.

Season 40 (Sep 7 2009)

Season 40 was a pretty calm season, with no changes to the game itself. But Hattrick gets its own long awaited Facebook app, and also a new fan page on Facebook. Achievements gets an update, together with a list of all available achievements. The small feature where managers can list their favorite teams sees the light of day.

Seizoen 39 (17 Maaie 2009)

It effekt fan it selsbetrouwen wurde ferlytse yn de wedstriidmasjine, dit makke it oer it algemien makliker foar ferdigeners om oanfallen ôf te stoppen. Dêrneist wurden de wedstriidwurdearringen akkurater, omdat it gefolch fan ferwarring, selbetrouwen en tebêk lûke no ek hielendal sichtber wie makke.

HT-Live is behoarlik ferbettere, mei de nije tafoeging van Re-Live kinsto ek letter de wedstriid noch belibje lyk de wedstriid doe dwaande soe wêze. Twa nije talen binne ek tafoegenamlik it Viatnameesk en it Masedonysk. It lêste soarge foar in behoarlike ferhitte diskusje op de foara yn Masedonië en Grykelân.

Seizoen 38 (25 Jannewaris 2009)

Dit seizoen binne de foarwaerdlikse wiksels yntrodusearre nei in lange testperioade yn de oefen en jeugdwedstriden. Ek kaam der in nije taktyk: ôfstânsskoaten.

Op de oerstapmerk is in meganisme yntroduseart dy't ekstreem folle hanneljen tsjin giet: do kinst net faker in spiler te keap sette dan dat hja mei ha spile yn dyn ploech. Dêrneist meist net mear as 50 spilers tagelyk ûnder kontrakt ha.

Us Supporter pakket is útwreide en ferbettere, dit barde mei side dy't in foarútsjoch op de wedstriid joech. Oare dingen dy't derby kamen winen: de oerstapsykprofylen, do koest fanôf no dyn eigen snelkoppelings meitsje en dêrneist seachen de supporters gjin tradysjonele banners mear.

Ow, en litte wy Balls net ferjitte. Op 1 April trêde Hattrick assistint Balls it spultsje, hy fertelde dat hy der wie om te helpen. Balls wie ús earste offisjeele aprilgrap, ien dy't behoarlik wurdearre waard.

Seizoen 37 (5 Oktober 2008)

Hattrick’s nije ûntwerp wurde lansearre healweis desimber. It wie sûnder twivel de grutste feroaring dy’t sûnt lange tiid bart wie. Mei de yntroduksje fan dit nije ûntwerp kaam der in soad nije funksjes by lyk as in nij foarum en nije spileroanlitten. Supporters ha nu in geweldige tenu-ûntwerper derby en kinne ek in avatar kieze.

Omdat it nije ûntwerp san grutte feroaring wie, soedest hast ferjitte dat dêr foar ek noch oare dingen bart binne. De lansearring fan de ‘oefenpot’ moat net ferjitten wurde, ek kinne managers ut lege divyzjes harren freonen útnoegje om in harren searje mei te spyljen.

Ek kaam der in nije oerstapfergelyk, do Hoechst net mear fanút zones te sykjen, mar kinst no alles ynienen fine. Yndirekte frije traapen wurden yntrodusearre en beltxis wurde de earste ploech dy’t de HT Masters foar de twadde kear wûn.

Seizoen 36 (15 Juny 2008)

Hattrick Press, ús eigen troch dielnimmers makke krante, is yntrodusearre. De ynterne mail is ferbettere. Yndirekte dea spulmominten komme foar yn freonskilke wedstriden en de wjukoanfallen-taktyk wurd effektiver troch in bugfix. Yndividuele instruksjes makket it mooglik in spiler fan feardigenstrening út te slúten. Dêrneist is it net mear mooglik om beide jeugdsystemen tagelyk te brûken.

Uganda en Dhivehi Raaije trêdzje ta oant de Hattrick wrâld. It foljen fan kompetysjes mei begjinnende minsklike ploegen wurd stimulearre, de begjinende ploegen begjinne net mear as ienige minsklike manager yn in searje. Dêrneist is ús testomjouwing iepen gien foar 5000 gewoane Hattrick dielnimmers en is de 45ste taal yn Hattrick, it Furlan yntrodusearre.

Seizoen 35 (24 Feb 2008)

De nije wedstriidmasjine wurdt no foar alle wedstriden brûkt. Trening wurdt basearre op minuten (wêr earder allinnich it lêst spile plak telde) en dea spul telt no as alle oare spilerkwaliteiten (earder krigen alle spilers deaspultrening, en hie dea spul gjin ynfloed op it salaris). De fanferwachtings – wat de fans foar eltse wedstriid ferwachtsje - wurde frijjûn en begjinne daliks in belangryk diel út te meitsjen fan it libben fan alle managers. De tagongsprizen foar oerdekte plakken binne ferhege, en by bewolke en reinich waar wurde dat soarte kaarten mear ferkocht. Thúsploegen krije in lyts foardiel yn in derby, dat wie yn eardere seizoenen net it gefal.

Match of the season, it boerdspul fan Hattrick leit fanôf no yn de HT-winkel en de grutste fuotbalenkête oant no ta - de Global Football Monitor – wurd 440.000 kear beantwurde. It Bosnysk wurd yntrodusearre as taal en yn Tanzania en Qatar wurde nije kompetysjes opstart.

Op it einde fan it seizoen kin wurde begûn mei it testen fan de wiksels yn de jeugdakademy's.

Seizoen 34 (4 Nov 2007)

Yn jannewaris binne mear as 75 000 dielnimmers tagelyk oanmelde. Trening op legere nivo's wurdt sneller, en op hegere nivo's stadiger. Tagelyk hinget it ferminderjen fan in kwaliteit no ek ôf fan it nivo, en net allinnich fan leeftyd. In nije wedstriidmasjine (mei in nije ferdieling foar spilerbydragen en wêryn kondysje like belangryk wurdt foar alle spilers) wurdt yn oefenwedstriden teste, sadat it brûken fan spilers mei meardere kwaliteiten mear oanmoedige wurdt.

De jeugdakademy krijt ek tal fan ferbetterings: hegere spilerkwaliteiten, hegere treningssnelheid, fêste foarm- en kondysje nivo's, en bettere ynformaasje fan sawol de trener as de skouts.

Hattrick News, de Hattrick nijsbrief wurd foar de earste kear ferstjoerd. De Perzyske taalferzje wurd frij litten en Benin en Syria binne de nije kompetysjes dit seizoen.

Seizoen 33 (15 July 2007)

Hattrick fiert har 10e jierdei mei de yntroduksje fan in kalinder, in útnoegingsmooglikheid en in nije live viewer mei chatfunksje. Letter krije wy ek de logowurdearrings en de Supporters krije mear blêdwizeropsjes. Ghana, Moçambique, Kampuchea en Brunei komme by de Hattrickfamylje, en ús Frysk en Luxemburgsk binne de nije talen binnen it spul.

Kondysje wurdt no treend as in persintaazje fan de totale trening, ynstee fan mei in aparte trening, lykas alle oare kwaliteiten. In ekonomyske herfoarming yn it begjin fan it seizoen, mei legere salarissen en boukosten, en heger sponserynkommen en hegere kaartprizen, is de earste stap om de ekonomy wer op de rails te krijen. Oan it ein fan it seizoen sjogge wy in dúdlike stiging fan prizen op de oerstapmerk, en komt der in ein oan in mannichte seizoenen wêryn de prizen sakken.

Seizoen 32 (25 Mrt 2007)

De grutste nije opsje ea wurd yntrodusearre: De jeugdakademy - in spultsje yn it spultsje, wêrsto dyn eigen jeugdploech behearst en do dyn eigen takomstige stjerren treenst. In moanne nei de yntroduksje, winen der al 500.000 jeugdploegen yn Hattrick. Hattrick kriget in moderner úterlik en dielnimmer krije de mooglikheid om yn heger berop te gean tsjin beslúten fan in GM, by de Sr GM’s, dit binne de lieders fan de GM organisaasje.

Supporters krije foar harren jeugdploech in archyf foar treningsferslaggen hokker mear útwreide is. De opmerkingen fan de trener binne ek sichtber op de spilerside. Oan it einde fan it seizoen, krije spilers allegear yndividuele jierdeis, foarhinne wine alle spilers op deselde dei jierdei.

Seizoen 31 (3 Des 2006)

In alternative opsje foar dyn HT-karriére, de prestaasjes, wurde yntrodusearre. It ynkommen út sponsering wurd fermeardere en de prizen fan de spilersmakelder, en de rinte wurde ferlege.

It Supporterpakket is útwreide wurden mei mear wedstriidstatistiken. Uman en Al Yaman binne kompetysjes dy't ta binne foege, en it Wyt-Russysk en Baskisysk binne as talen tafoege sa dat der fanôf dat stuit 40 taalferzjes binne wêr út kin wurde keazen.

Seizoen 30 (13 Aug 2006)

De grins fan de 900.000 dielnimmers wurd foarby gien. Kondysje daalt troch it seizoen hinne, en spilers op leeftyd reitsje harren feardigens yn lytsere stapkes hokker faker foarkomme kwyt. It is no mooglik om it selsbetrouwen fan de ploech boppe wûnderbaarlik te krijen. Spilers kinne fanôf no oan ek net besteand yn in feardigens wêze. Nasjonale ploegen krije der in soad grafyske opsjes by, en de Hattrick masters wurd in kompetysje oer 4 wiken.

In tredde Spaanske taalferzje (Central American) en it Kyrgyz wurde lansearre lyk as fjouwer nije kompetysjes: Al Kuwayt, Angola, Bangladesh en Crna Gora.

Seizoen 29 (23 April 2006)

Mear dan 800.000 aktive dielnimmers spylje Hattrick. De side kriget in nije lay-out, en in handige Flash-ferzje fan de oardersside. Ek begjinst ast in spiler keapest, begjinst direkts it lean te beteljen, en it wedstriidferslach kriget mear fariaasjes.

Supporter wurd behoarlik útwreide mei ûnder oaren de Earegalery, in tenu ûntwerper, in gruttere freonenlist en treningsrapporten. Fjirder krije Supporters fanôf no oan in kompensaasje foar tiid hokker Hattrick net plent offline is. Azərbaycan en Al Iraq wurde tafoege oan de Hattrickwrâld en in wrâldwide enkête oer it spultsje wurde hâlden, en levere 200 000 reaksjes op – fantastysk!

Seizoen 28 (1 Jan 2006)

Tusken seizoen 27 en 28 wurden alle eignerleaze ploegen bot-ploegen, foarhinne barde der neat mei dizze ploegen, ast der tsjin spylje moast krigest in walk-over, en de ploegen waarden pas ferfongen at hja yn de ûnderste twa divyzjes wine oankamen. De folgende stap hjiryn is it “opnij foarmjen fan de searjes” oan it ein fan it seizoen. It searjessysteem kriget de foarm fan in piramide, in pleats fan de flesfoarm. Alle bot-ploegen wurde nei de boaiem fan de piramide ferplakke.

It gefolch is dat bot-ploegen flotter ôfsakje nei de boaiem ta sadat hja kinne wurde ferfongen, en net healweis bliuwe hingje.

De Hattrick Masters wurde foar it earst spile en wûn troch in franske ploech: FC Barentin. Cartoon United, in Hattrick strip, ferskynt foar it earst op de side en Hattrick begjint mei it sponserjen fan in pear fuotbalploegen yn it wurklike libben. Wy krije ek fjouwer nije leden: Bahrain, Barbados, Cabo Verde en Côte d’Ivoire.

Seizoen 27 (11 Sep 2005)

Yn mar ien seizoen trêden 100 000 nije dielnimmers ta oant Hattrick. Fanôf no oan binne der dan ek 700 000 aktive dielnimmers. De managerlisinsje wurd yntrodusearre om it begjinnende managers makliker te meitsjen. In nije taktyk, kreatyf spul wurd yntrodusearre, lyk as de mooglikheid om oanfallers nei de wjuk te setten. Fjirder wurd ek in nije treningssoart, namlik “wjuk oanfallen” lansearre. Fanôf it selde stuit drage oanfallers minder en wjukspilers mear by oan de wjukoanfallen.

De kompetysjerang wurdt yntrodusearre, en de Stadion-ûntwerper is fanôf no foar Supporters beskikber om harren eigen stadion te ûntwerpen. De mobyle tsjinsten wurde ynteraktyf, hokker it foar dy mooglik makket om byfoarbyld te biedzjen mei dyn tillefoan.

Algérie, Hayastan, Lubnan, Liechtenstein, Mongol Uls en Senegal binne de kompetysjes dy’t dit seizoen nij binne, de nije taalferzjes binne: Korean, Japanese en Slovenian. En fjirder kriget Hattrick ek syn eigen wiki side.

Seizoen 26 (22 Maa 2005)

It oantal aktive dielnimmer is oer de 600 000 gien. Surinam, Nicaragua, Trinidad & Tobago en Kazakhstan wurde ek lid fan Hattrick en de taalferzjes Serbian, Norwegian en Slovak wurde yntrodusearre. Supporter wurdt útwreide mei statistiken oangeande blêdwizers en regionale foarums.

Seizoen 25 (30 Jan 2005)

Foar it earst yn de Hattrick histoarje is Sweden net mear it grutste lân, omdat España en Nederland fanôf dit stuit mear aktive dielnimmers ha. It is no mooglik om twa nije treningssoarten te brûken, iepeningen meitsje en definsive posysjes. Fjirder wurd sjitten 15% effektiver makke. Feroaringen yn de formule foar it berekkenjen fan it oantal taskôgers soargje foar minder fluktuaasje en it sin fan de fans wurdt minder wichtich.

It “Lêste nijs” foar eltse searje is wer werom nei 14 seizoenen, it wie ferlern gien doe Hattrick yn seizoen 11 in nije stijl yntrodusearre. Al Urdun, Andorra, Georgia en Guatemala trêdzje ta oant de famylje en Galician wurd taal nûmer 30. FC Hong Kong soarget der foar dat noch in grins wurd brutsen, it is namlik de earste ploech mei 100 miljoen € op de bank.

Seizoen 24 (10 Okt 2004)

It oantal fan 500.000 aktive dielnimmers wurd berikke en fiert mei in komysk plaatsje fan de Hattrick-wrâld, hokker in lytse oproer temjitte bringt yn Brazil omdat in aap (in pear dagen letter ferplakke) op dat plak fan de wrâld wie pleatst.

It grutte nijs is dat der fanôf no oan mar leafst 32768 ploegen kinne meidwaan oan de beker, wylst dit earder 8196 ploegen wine. De ynkomsten út kaartferkeap en it ynkommen út sponsering wurde ferhege mei 10%. En de tajeften foar de plakken yn de searje wurde ferdûbele. It Tsjechysk is in nije taalferzje en der wurde dit seizoen seis nije kompetysjes tafoege: El Salvador, Honduras, Kyrgyzstan, Malta, Moldova en Shqipëria.

De tekening "sûnder aap".

Seizoen 23 (20 Juny 2004)

Hattrick berikket it oantal fan 400.000 aktive dielnimmers en in oantal fan 25.000 dielnimmers binne "online" op it selde stuit. Om de wichtigens fan it saneamde ferskynsel “daytraden” te ferminderjen wurde oerstapprizen belêst mei in soart fan oerstapbelesting. It wurd hjirtroch in stik minder ynteressant om in spiler direkts te keapjen en ferkeapjen. De oerstapfergelyk en Total Skill Index (TSI) foar alle spilers (yn plak fan de sa neamde “merkwearde”) binne maatregels om dielnimmer dúdlik te meitsjen hoefolle in spiler wurdich is.

It lean fan spilers wurd sa feroare dat it lean wat betelle wurd foar de oare feardigens dan de haadfeardigens in stik goedkeaper wurd, fans fan ploegen wurde in stik tûker, alle ploegen kinne tsjinoanfallen krije en de mannichte “willekeur” is lytser makke op it gebied fan oanfal/ferdigening. De ploechwurdearringen wurde ferlege mei de helte en wurde no oanjûn mei tige leech, leech, heech en tige heech binnen alle nivo's.

Nije kompetysjes binne Northern Ireland, Byelarus, Makedonija, Kenya, Panama en Jamaica, Croatian, Hebrew, Russian en Ukrainian binne de nije taalferzjes. Hattrick Clubhouse is in nije tsjinst en Supporter wurd útwreide mei ûnder oare allegear foarumopsjes.

Seizoen 22 (29 Feb 2004)

Saudi Arabia, Tounes, Costa Rica, United Arab Emirates, Lëtzebuerg, Iran, Republica Dominicana en Cyprus wurden de nije leden fan de famylje, en Hungarian, Latvian, Argentinian (letter South American) Spanish en Bulgarian binne de nije taalferzjes.

Seizoen 21 (9 Nov 2003)

Hattrick berikket it oantal fan 250.000 aktive dielnimmers! Seis kompetysjes (Paraguay, Ecuador, Bolivia, Nigeria, Al Maghrib, Føroyar) en seis nei taalferzjes (Flemmish, Turkish, Brazilian Portuguese, Romanian, Greek, Lithuanian) wurden tafoege en HT Live is de grutte nije opsje.

It ynkommen út kaartferkeap wurd ferhege mei 25% en wy krije in nije opset foar de Wrâldbeker. De earste Hattrick Kalinder is te keap yn de winkel en it is ek mooglik om op Hattrickwedstriden te wedzjen troch in wedpartner. Sweden syn hegemony op it fjild wurd foar altyd oan de kaak stelt troch dat Norge de wrâldbeker wint.

Seizoen 20 (20 July 2003)

Wedstriidtaktiken wurde yntrodusearre, mar kinne dit seizoen allinnich noch mar brûkt wurde yn oefenwedstriden. En de ûnderfining fan in spiler begjint ynfloed te ha op harren prestaasje. It âlde systeem fan trener feroarje, wêrsto 10.000€ betellest en in willekeurige trener yn tsjinst nimst wurd ferfongen. Do kinst no ien fan dyn eigen spilers, yn in trener feroarje, as in nije oanskaffe mei de feardigens fan dyn kar.

Seis kompetysjes (Lietuva, Slovensko, Ukraina, Bosna i Hercegovina, Vietnam en Pakistan) en trije taalferzjes (Polish, Portuguese en Catalan) wurde tafoege. Supporter wurdt útwreide mei mear opsjes foar it wedstriidtenu. Mear statistiken en inkele opsjes foar op it foarum, en it CHPP partnerskip programma feroaret fan foarm, sa dat mear partnerskip programma’s mooglik binne, mar it is net langer mooglik die te keapjen yn ús winkel.

România wurd it earste lân dy’t de Sweedske nasjonale ploech derslaat yn in kompetysjewedstriid (U20 Wrâldbeker) en România wint dat seizoen dan ek de U20 Wrâldbeker.

Seizoen 19 (30 Mrt 2003)

It oantal aktive dielnimmer giet de 100.000 foarby. Kranten foar de mienskip krije harren eigen plak op de side om harren artikels oan te kundigjen, AHP (Associated Hattrick Press) en de fans fan de ploegen wurde wat tûker omdat hja der bygelyks efter komme yn hokker kompetysje ofsto spilest.

De Finske taalferzje wurd tiden it seizoen yntrodusearre.

Seizoen 18 (8 Des 2002)

Trije nije taalferzjes (Estonian, Italian en Danish) wurde útbrocht. En fjouwer nije kompetysjes (Bulgaria, Cymru, Israel en Slovenija) wurde tafoege. It fjirder makliker make om rûtine op te dwaan yn in formaasje, it nimt ek langer foardat der rûtine ferlen giet.

De kompensaasje foar spilers fan de nasjonale ploech wurd feroare, do ûntfangst gjin trening foar wedstriden fan de nasjonale ploech, mar de HFA bliuwt noch hieltiid 1/3 fan it lean fan de ynternasjonals beteljen.

It supporterpakket wurdt útwreide mei herinnerings en banners dy’t net opnij lade foar Supporters – in opsje dy't tige wurdearre wurdt. De letters LA foar ús taalbehearders wurde yntrodusearre.

Seizoen 17 (18 Aug 2002)

Seizoen 17 wurdt útroppen ta It Jierdei Seizoen omdat Hattrick 5 jier bestiet. Op dit stuit spylje 60.000 dielnimmers Hattrick. Der wurde fiif nije denominaasjes yntrodusearre (reuseftich, bûtenierdsk, mytysk, magysk en utopysk), dizze wurde tafoege oan de foarige 15. Der binne dit jier twa nije kompetysjes (Hong Kong en Chinese Taipei) en de Nederlânske taalferzje sjocht it ljocht.

It foarumsysteem basearre op in beam is ferfongen troch in nij foarumsysteem, tegearre mei de mooglikheid in aktuele gearfetting te besjen. De ploechsfear wurdt fanôf no beynfloede troch oerstappen, en Supporters krije mear statistiken, in notysjeblok en federaasje nijsbrieven. Ek de ôfkoarting Mod, foar de behearders fan it foarum sjocht it ljocht.

Seizoen 16 (28 April 2002)

Magyarország, Česká republika, Latvija, Indonesia, Philippines, Eesti, Hellas, Hrvatska en Yugoslavia, wat letter Srbija i Crna Gora neamt wurdt en úteinlik Srbija, trêdzje ta oant de Hattrick famylje. De mobile tsjinsten binne no beskikber foar alle dielnimmers, en oanlitten fan spilers en blêdwizers binne de digen wêrmei Supporter íut wurd wreide. De managers hokker harsels ôffregen hoe Bob Sunesson der út soe sjen, soenen dit bliuwen dwaan, want syn oanlit wurde hieltyd bedekt troch ferskate foarwerpen.

Der wie in aparte side en logo tiden de earste edysjes fan de Wrâldbeker.

De HFA beslút om 1/3 fan de salarissen fan de nasjonale ploech spilers te beteljen, sa lang at hja wedstriden spylje foar de nasjonale ploech, en har eigen ploech. Sweden wint de earste U20 Wrâldbeker, dit wie gjin ferrassing. De earste spiler dy't 10* berikket is Thomas Ranlind, in Sweedske keeper dy’t in seizoen letter dien kriget fan syn Sweedske eigner.

Seizoen 15 (6 Jan 2002)

Hja soenen kinne sizze dat it allegear barde yn seizoen 15. It begûn mei in grutte lansearring, fan dingen lyk as de spesjale foarfallen (SE’s), ynternasjonale oefenwedstriden, derby’s en nasjonale ploegen – in hiele wichtige mooglikheid foar de mienskip.

It eindige mei de oerwinning fan Sweden yn de earste Wrâldbeker (ta net ien syn ferbazing) en de útjefte fan in grut pakket mei ekonomyske maatregels, lyk as in leger lean, legere bedragen foar spilersmakelders, in promoasjetajefte, in rinte dak, en memme en foarige klupjild.

Alle ploegen krigen televyzje jild yn it midden fan it seizoen, dizze maatregel wurde brûkt omdat de ekonomy harsels net sa fluch koe ûntwikkelje as it spultsje.

Tusken dit allegear troch groeit it HT-team fan 3 oant 9 leden, omdat der mear minsken nedich binne hokker helpje mei it ûntwikkeljen, de administraasje ensafuorthinne. De seis nije leden holpen mei op frijwillige basis, mar inkele jierren letter wine hja allegear wurknimmers fan Extralives. It feit dat der no ek in Dútske taalferzje is soenen je hast ferjitte.

Seizoen 14 (16 Sep 2001)

Einliks kriget Hattrick syn eigen foarumsysteem, basearre op in beam, en de mienskip kriget in mear natuerlik plak wer moete en diskusjearre kin wurde. De Spaanske en Frânske taalferzjes wurde lansearre en seis nije kompetysjes trêde ta: Singapore, Schweiz, Ísland, Belgiê, Österreich en Malaysia.

De oerstapside wurdt útwreide, der binne mear mooglikheden om te sykjen bykaam, it fanôf no mooglik te sykjen op feardigens. In oare feroaring is dat de ploechsfear dageliks feroaret in lytse bytsjes in plak fan in grutte feroaring ien kear yn de wike.

De earste mobile tsjinsten, allinnich foar Sweden wurde yntrodusearre en Supporter wurd útwreide mei shirtnûmers, in gasteboek en federaasjefoarums. CHPP (Certified Hattrick Product Provider), in partnerskip programma mei ûnôfhinklike ûntwikkelers fan Hattrick programma’s, wurd ek yntrodusearre. Do koest CHPP-programma’s yn de winkel keapje.

Seizoen 13 (27 Maa 2001)

Hattrick Supporter wurd útbrocht, in tsjinst hokker der foar soarge dat Hattrick koe oerlibje, en fjirder koe wurde ûntwikkelt.

Foar 15 SEK (ûngefear 1,5€) yn de maand krijst in freonenlist, inkelde persoanlike statistiken en live ynformaasje yn de nijsbalk. Mar mear wichtich wie dat Supporter ek in goede wize wie om it spultsje te stypjen. Twa moannen letter waard Supporter útwreide mei wedstriidtenu’s, in prizekast, parseberjochten, logo’s, federaasjes en mear statistiken.

Der wurde net minder dan 23 nije kompetysjes yntrodusearre: Oceania, España, Portugal, Polska, România, Chile, Brasil, Türkiye, Colombia, Perú, China, Uruguay, Venezuela, Canada, Rossiya, Prathet Thai, Scotland, Ireland, Nippon, Hanguk, Misr, India en South Africa.

Bob Sunesson syn geweldige prestaasjes foar Hattrick wurde erkend troch de HFA (Hattrick Football Association), en hja beneame him oant “spiler wêr't elts fan hâldt” – ien fan de earste seldsumens yn it spultsje.

Seizoen 12 (4 Feb 2001)

Fan dit seizoen ôf bliuwst yn deselde searje ast net promovearrest of degradearrest. Dit wie eartiids net it gefal, de ploegen waarden op 'e nij yndield yn alle searjes elts seizoen.

It moaie griene Hattrick-T-shirt waard lansearre, it earste ding dat'st yn de Winkel keapje koest.  4 nije kompetysjes trêden ta oant de Hattrickwrâld:. Norge, Danmark, Suomi en Nederland.

Seizoen 11 (15 Okt 2000)


Nei in maand net online te ha west, kaam Hattrick werom yn in kompleet oar ûntwerp, en in soad nije opsjes. Hattrick is no ek yn oare lannen dan Sweden beskikber – do kinst it ek yn it Ingelsk spylje, en fjirder wurden der noch 7 nije kompetysjes iepene: Argentina, Deutschland, France, England, Italia, España (di wurde letter México) en de USA. De sweedske kompetysje wurde útwreide nei 10920 ploegen, de lege plakken wurden hiel flot yn beslach nam troch nije managers.


In alternatyf foar it logo tekene yn Oktober 2000, mar it is nea brûkt wurden.
Neist de nije kompetysjes, is it grutste nijs dat Hattrick de hiele tiid online is, en dat alle dingen "live" barre – sels de wedstriden! It wurdearringen systeem is ek nij heale en hiele stjerren, en trije nije denominaasjes (wrâldklasse, boppenatuerlik en godlik) wurde tafoege sa dat it totaal no op 15 kaam.

Op it einde fan it seizoen trêdet jeugdkeeper Bob Sunesson, ta oant Hattrick op de leeftyd fan 22 jier, en hy soe letter de meast bekende spiler yn it spultsje wurde ûntank dat syn bêste feardigens min wjukspul wie.

Seizoen 10 (4 Juny 2000)

Dit seizoen sil wurde ûnthâlden as it lêste seizoen mei it nostalgyske úterlik.

Seizoen 9 (13 Feb 2000)

De mienskip ferhûzet op har eigen ynitiatyf fan Passagen nei Delphi forums en groeit noch mear oan. Letter wurd de earste mienskipside mei automatysk generearjende statistiken yntrodusearre, it HTSCB - Hattrick Central Bureau of Statistics.

Seizoen 8 (24 Okt 1999)

Op it ein fan it seizoen, yn it begjin fan 2000, wurdt Extralives oprjochte, it bedriuw dat Hattrick ûntwikkelt. Hja begjinne direkts te wurkjen oan in grutte bewurking. Op it fjild pakt Sunne IK as earste ploech ea de "dûbel".

Seizoen 7 (3 July 1999)

Fandit seizoen ôf wie it ek mooglik in oare formaasje te brûken as 4-4-2, it waard nammentlik mooglik om spilers te reposysjonearen. Op it selde stuit wurden ek de yndividuele oarders foar spilers yntrodusearre, hokker de âlde kar út de taktiken: hielendal op de oanfal, optimistysk, behâlden, en hiel definsyf oerboadich.

Seizoen 6 (14 Maart 1999)

Neffens ús archyf barde der dit seizoen neat spesjaals.

Seizoen 5 (15 Nov 1998)

As der dit seizoen wat bart is wat grut of frjemd is dan hat it ús archyf net helle.

Seizoen 4 (26 July 1998)

Yn dit seizoen wurde it treningsysteem omfoarme. In hiel soart nije trenings wurde yntrodusearre. Dit makke it mooglik alle feardigens te trenen en net allinnich kondysje en dea spul. As in gefolch fan it nije treningssyteem bruts Per Emilsson, it dak fan de spilerwurdearringen. Hjirmei wurde hy de earste en de ienige spiler dy't de wurdearring fan "Hillige" koe berikke (Dit wurde tafoege, as it ûnmooglike soe barre ûntank dat de kâns hjirop tige lyts wie).

Hjirom wurde it wurdearringssysteem feroare, der wurden fan no ôf útroptekens tafoege nei de maksimumwurdearring fan “*****”. It komplete systeem seach der nei de feroaring sa út: 0, H, HH, HHH, *, **, ***, ****, *****, *****!, *****!!, ensa.

Seizoen 3 (5 April 1998)

Hattrick wreidet út nei 1704 ploegen doe de IVe divyzje wurde tafoege. De beker wurde yntrodusearre lyk as de oefenwedstriden. Zakrock Rooch wurd Hattrick's earste bekerwinner.

Seizoen 2 (23 Nov 1997)

Hattrick wreide út nei 680 ploegen yn fjouwer divyzjes (de Allsvenskan, div I, II en III) en ferhûze nei de Sweedske portal passagen.se. De iepen oerstapmerke sjocht it ljocht (earder koest op eltse spiler biede en at de eigner it bod akseptearre wie de spiler fan dy).

De earste wedstriid tusken nasjonale ploegen wurde ek spile: Sweden tsjin Denmark wurde 1-2. Denmark wie in kloon fan Sweden, mar it soe in hiel skoft duorje foardat Sweden in kâns krige om dit lyk te setten.

Seizoen 1 (30 Aug 1997)

Hattrick is berne op 30 Augustus 1997. It spultsje wie doe allinnich noch mar yn it Sweedsk en starte mei 16 ploegen. Twa test searjes (A en B) wurde spile yn 7 rûndes. 4-4-2 wie de ienige mooglike formaasje. Foar de trening koest kieze tusken: algemien, kondysje en dea spul

De side gie eltse nacht ticht om 00.30. Dit barde sadat alles koe wurde bywurke, de sûnens, de oerstappen en de wedstriden wurde spile. Wannear de side moarns wêr iepen gie koest de útslaggen fan dien wedstriid besjen.

It orsjinele nostalgyske logo.
It orsjinele nostalgyske logo.
 
Server 070