Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Hattrick Gears
Lytse ekstra's foar dyn ploech

Hattrick Gears is in samling fan lytse funksjes, wêrfoar'st alle kearen betellest. It is boud yn deselde sfear as Hattrick Supporter: it binne funksjes dy't Hattrick leuker meitsje om te spyljen of dy't dyn Hattrick-libben komfortabeler meitsje, mar se jouwe dy gjin foardielen yn it spul.

Do kinst eltse Hattrick Gears-funksje oanskaffe mei Credits.

Jou dyn spiler in bynamme

Ha dyn spilers of fans ien fan dyn spilers in bynamme jûn? Do kinst dyn favorite spilers in bynamme jaan om se persoanliker te meitsjen. Bynammen steane tusken de foar- en efternamme fan dyn spiler, salang't er by dyn klup yn tsjinst is. As in spiler ferkocht wurdt, ferdwynt syn bynamme.

Do kinst gjin bynamme jaan oan spilers dy't op de oerstaplist steane of dy't in ynterlân spile ha. De bynamme moat ek bestean yn de database mei akseptearre bynammen.

As de bynamme dy'tst brûke wolst net beskikber is, kinst foarstelle om him ta te foegjen.

Priis: 5 Credits

In spiler herstyle

Do kinst in spiler, dy't net te keap stiet, in nij úterlik jaan troch him te stylen. Dan kinst syn hierstyl of hierkleur feroarje, en gesichtshier tafoegje (of ferwiderje).

Priis: 2 Credits

Jou spiler in totale makeover

Do kinst in spiler ek in totale makeover jaan, dat hâldt yn datst syn komplete úterlik wizigje kinst. De spiler moat dan wol út dyn klup ôfkomstich wêze, of al minstens ien seizoen by dyn klup wêze.

Spilers dy't te keap steane of dy't in ynterlân spile ha kinne gjin makeover krije.

Priis: 8 Credits

Doch mei oan Toernoai

Toernoaien binne de ynformele klupkompetysjes binnen Hattrick. Kies tusken sels in toernoai oanmeitsje foar dy en dyn freonnen, of dy oanmelde by toernoaien dy't al besteane, mei in maksimum fan 10 toernoaien tagelyk. Toernoaien ha in fleksibel skema - wedstriden kinne op elst plak en op alle tiden spile wurde en sy kinne as bekers of as divysjes mei playoffs spile wurde. wedstrydregleminten. Toernoaien kinne bestean út 4, 8, 12 of 16 ploegen, de priis om mei te dwaan is altyd deselde.

Priis: 2 Credits

Ljedderwedstriden

Troch mei te dwaan yn in ljedder komst yn in trochgeande kompetysje en spilest foar de titel bêste manager yn in regio, lân of federaasje - of sels wrâldwiid. Daagje oaren út om boppe oan te kommen as Kening fan de Bulte!

Beangryk: As útdager krijst dyn Credit werom ast winst.

Priis: 1 Credit

Losse wedstriid

Wolst dyn ferfelende freon op syn plak sette? Kinst net genôch fan dyn gewoane wedstriden krije? Losse wedstriden binne der foar dy! Daagje eltse ploech út, spylje de wedstriid, en skep deroer op - sa ienfâldich is it.

Priis: 1 Credit

Foarfal-o-maat

Wolst in oankommende wedstryd ekstra memorabel en moai meitsje? Mei de nije Foarfal-o-maat kinst in unyk foarfal útljochtsje foar in oankommende wedstryd. Kies derfoar om in tsjinstanner lyts te praten, dyn eigen fans oan te trunen of de risping fan dyn klup te earjen. In kostumearre foarfal sil nei foarren brocht wurde ûnder de wedstryd. Betink wol dat de foarfallen dy'tst presintearrest gjin ynfloed ha sille op de útkomst fan de wedstryd.

Priis: 2 Credits

In spiler herneame

Do kinst in spiler in hiele nije namme jaan.

Do kinst in spiler dy't te keap stiet of dy't in ynterlân spile hat net herneame, en in spiler kin mar ienris herneamd wurde (per eigner). De namme moat ek bestean yn ús nammendatabase foar it lân fan de spiler.

Tink derom, de namme sil werom feroare wurde nei de orizjinele namme sagau't de spiler te keap setten wurdt, mar hy sil it weromkrije as hy net ferkocht wurd.

It herneamen fan in spiler yn dyn jeugdakademy hat minder restriksjes, de namme hoecht allinnich mar te bestean yn ús nammendatabase foar dyn lân.

Tink derom, bepaalde nammenkombinaasjes wurde blokkearre om te foarkommen dat de nammen fan bekende persoanen út it echte libben it spul oerstreame.

Priis: 8 Credits

Wedstriidwerhelling

Hat de beste ploech wûn? Hast do enoarme pech hân of wie dyn opstelling faaks net sa briljant ast earder fanút gongdest? Dat kinst no útfine!

Wedstriidwerhelling simuleart presys deselde wedstriid nochris 20 kear, mei presys deselde fariabelen as by de echte wedstriid, om dy in better ynsicht te jaan wat no de echte kânsen op winst wienen. Mei Super Werhelling wurdt de wedstriid yn totaal 100 kear simuleare.

In gearfetting fan de wedstriden is makke om de útkomst te analysearen! Fansels hat it werheljen van in wedstriid gjin inkele ynfloed op it werklike resultaat fan de wedstriid op wat foar wize dan ek. Tink derom dat de resultaten fan de simulaasjes net mear beskikber binne nei 2 seizoenen.

Priis: 3 Credits

 
 
Beoardielje dizze side
Server 095