Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Hattrick Fuotbalmanager | Slút dy oan by de kostenfrije fuotbalwrâld 

Hattrick Fuotbalmanager | Slút dy oan by de kostenfrije fuotbalwrâld




Do bist de baas

Do fierst de taken út fan sawol manager as klupeigner. Do setst taktiken, strategy en treningen út; selektearrest de spilers dy't spylje moatte en hoe't sy harren ynsette op it fjild. Do bist ek de baas oer de finânsjes, ynvestearrest yn stadionferbetterings en yn it personiel dat dyn klup oannimme moat.

 

Bou en treen dyn ploech

Untwikkel dyn ploech troch trening en meitsje dyn spilers feardiger. Fyn nije spilers op de oerstaplist om dyn ploech fierder te fersterkjen, of begjin dyn eigen jeugdploech om dyn eigen talinten foar de folgjende generaasje te ûntdekken.

 

Striid om de prizen

Do nimst it op tsjin oare minsklike managers yn it Hattrick-kompetysjesysteem, yn de offisjele beker en yn oefenwedstriden. Do begjinst yn de leegste divyzjes en begjinst dêr mei dyn klim nei de top.

Do kinst ek dyn eigen toernoaien oanmeitsje, en tsjin dyn freonen spylje.

 

Mienskip en apps

De mienskip springt der echt út yn Hattrick. Doch mei oan ús aktive foarums en meitsje nije freonen fan oer hiel de wrâld. Do kinst ek ús ûntwikkelersnetwurk (CHPP) brûke, der is in mannichte oan apps en tsjinsten wêrfan dielnimmers genietsje kinne. En wy ha ek apps foar iPhone en Android!

 
Server 096