Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Hattrick Fuotbalmanager Spul | Slút dy oan by de kostenfrije fuotbalwrâld 

Hattrick Fuotbalmanager Spul | Slút dy oan by de kostenfrije fuotbalwrâld


Manage - yn dyn eigen tempo

Hattrick is in strategysk fuotbalspul wêryn do dyn ploech foar de lange termyn behearst en opbouwst. Eltse dei ynlogge of gewoan ien kear yn de wike - meitsje de goede kar en do hast deselde kâns om kampioen te wurden!

 

Bou en treen dyn ploech

Untwikkel dyn ploech troch trening. Behear dyn finânsjes. Fyn nije spilers op de oerstaplist of begjin dyn eigen jeugdploech om dyn eigen talinten foar de folgjende gouden generaasje te ûntdekken.

 

Wês tûker as dyn tsjinstanners

Do nimst it op tsjin oare minsklike managers yn it Hattrick-kompetysjesysteem en yn de ferskate bekertoernoaien. Do begjinst yn de leegste divyzjes en begjinst dêr mei dyn klim nei de top! Do kinst ek dyn eigen toernoaien oanmeitsje en tsjin dyn freonen spylje.

 

Mienskip en apps

De mienskip springt der echt út yn Hattrick. Doch mei oan ús aktive foarums en meitsje nije freonen fan oer hiel de wrâld. Wy ha geweldige apps foar iOS en Android. Do kinst ek ús ûntwikkelersnetwurk (CHPP) brûke, der is in mannichte oan apps en tsjinsten wêrfan ús brûkers genietsje kinne.

26 Jierren
54 Talen
149 Lannen
14 086 352 Totaal oantal brûkers
364 770 527 Foarumberjochten
833 075 298 Wedstriden spile

It Klassyke Online Fuotbal Managemint Spul

Hattrick is in online fuotbalmanagemintspul wêr't do de rol fan manager nimst op in missy om dyn klup nei de top fan it kompetysjesysteem te lieden! Do binst ferantwurdelik foar alle aspekten fan klupbehear: Spilers keapje en ferkeapje op 'e oerstapmerk, beslute hokker feardigens op it oefenfjild te trenen en in taktysk plan te meitsjen foar eltse wedstriid dy't dyn team spylje sil yn dyn nasjonale kompetysje en beker, lykas Feriene Steaten en US Open Cup.

As dyn wedstriid begjint, sil dizze simulearre wurde troch ús systeem en kinst de aksje folgje yn ús Wedstriidtoander mei live kommentaar, en yntusken petearje mei dyn tsjinstanner! Ast leaver wolst, kinst dyn wedstriid ek nei ôfrin besjen en analysearje.

Hattrick is boppedat in strategysk spul wêr't do plannen makkest foar de lange termyn. Giest do ynvestearjen yn bettere foarsjennings foar de jongerein of joust it jild út om in fergriizjende stjerspieler te keapjen dy't de prestaasjes fan dyn ploech op koarte termyn ferheegje kin? En makkest de kar om talinteare ferdigeners as oanfallers te befoarderjen yn dyn jeugdakademy?

Meitsje in goeie kar, dyn jongerein kin de stjerren wêze fan 'e ploechen in protte seizoenen fan no, miskien sels de folgjende Lionel Messi, Cristiano Ronaldo as Kylian Mbappé fan it Hattrick universum!

Wat it spul sa moai makket is dat it in multiplayer-ûnderfining is - de ploegen dy't do tsjinkomst wurde beheard troch oare brûkers, dy't besykje tûker as dy te wêzen. D'r is in rike mienskip wêryn do dûke kinst om alles te learen oer de bêste wizen om te trenen, dyn teamtaktiken yn te stellen en dyn klup finansjeel te ferbetterjen.

Dyn stjerspilers kinne sels útkeazen wurde foar ynternasjonale plicht, it spyljen foar de USA nasjonale ploech! Elts seizoen, Hattrick organiseart in Wrâldbeker, itsij foar senioaren teams as foar de U21-ploegen. De hjoeddeistige kampioenen fan 'e Hattrick Wrâldbeker binne Argentina, lit dy foar harren hearre!

As do dy troch ûntwikkelst as manager, kinst ek oan de ferkiezings meidwaan om it nasjonale team te lieden en ferkeazen wurde troch dyn kollega online managers. Op it stuit binne d'r 149 nasjonale kompetysjes yn Hattrick, en do kinst kandidaat wêze foar elts fan harren, sels as dyn eigen team yn in oare lân spilet.

Yn Hattrick, der is altiten wat te dwaan, oft it no is wat om te hingjen yn it foarum en te praten oer Hattrick of algemiene fuotbal nijs, as om te besykjen in boppeslach te finen op de oerstapmerk yn it 'silly season'.

Mar it is wichtich om te witten dat Hattrick ek in spultsje is dat do altyd spylje kinst yn dyn eigen tempo. As do 30 minuten yn 'e wike besteegje kinst foar it ynstellen fan dyn wedstriidoarders en it bywurkjen fan de trainingsplannen fan dyn ploech, silst do al meidwaan kinne en goed prestearje yn' e haadkompetysjes - sa lang as do wize besluten nimst.

Nettsjinsteande in protte oare spullen hoegst do dy net elke dei oan te melden om bonussen te sammeljen as yn it spul jild te winnen. D'r is yn Hattrick gjin manier om foardielen yn it spul te keapjen. Do kinst ynstee wol in Hattrick Supporter wurde, wêrtroch do tal funksjes krigest dy't ûntwurpen binne om it spultsje leuker en ynteressanter te meitsjen, mar dy't dy gjin eigentlike foardielen yn it spul joue.

Hattrick is it orizjinele online fuotbal managemint spul, en wy binne online sûnt 1997. De oprjochters binne noch hieltyd aktyf en sette sich noch altyd yn foar it oanbieden kinne fan Hattrick as in fergees fuotbalspul.

Wy fiele dat Hattrick it bêste byinoar bringt fan it tradysjonele kompjûter-basearre fuotbal managemint spul, lykas de Football Manager searje, mar op in mear útdaagjende wize, om't do altyd tsjin echte minsken spilest.

It omfettet ek aspekten fan fantasy fuotbalspultsjes en fan konsole fuotbalspultsjes, lykas FIFA Ultimate Team, wêr't do oan in ploech bouwst om tsjin oare brûkers te spieljen as om prizen en prestaasjes te sammeljen.

Wy hjitte jimme allegear fan herte wolkom ta Hattrick - it bêste fergees strategysk fuotbal spul wat d'r is! It is folslein fergees om dy oan te melden, gjin downloads binne ferplicht en do hast derneist tagong ta geweldige fergese apps foar iOS as Android troch hokker alle aspekten fan it spul beheare kinst, sadat Hattrick ek in mobyl fuotbalspul is.

Mar pas op, Hattrick kin ferslaavjend wêze - in protte fan ús brûkers spylje al 10 jier of mear en noch altyd fanatyk.

 
Server 071