Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Hattrick Fuotbalmanager | Slút dy oan by de kostenfrije fuotbalwrâld 

Lokwinske Hattrick!



Hattrick Skiednis
In spul foar de ivichheid
Mei in ûnûnderbrutsen skiednis fan 20 jier, Hattrick is in unyk spul dat managers út alle hoeken fan de wrâld yn steat stelt om harren eigen fuotbalskiednis te skriuwen mei harren eigen ploech.

Hattrick is fergees en is dat altiten west!

Lês hjir ús ferhaal oant no ta!
Berne op (1997)
Hattrick is op 30 augustus 1997 berne. It spul is allinnich yn Sweden beskikber en begjint mei twa testdivysjes mei 16 ploechen. Dêrnei breidt Hattrick út nei 680 ploechen yn Novimber.
Cult spul (1999)
Hattrick waard al gau in cult spul by Sweedske ynternet brûkers en de maksimumkapasiteit fan 2728 brûkers wurdt al gau berikke. De wachtrige om in ploech te krijen is langer as in jier!
Globaal gean! (2000)
Nei in moanne deltiid komt Hattrick werom mei in folslein nij ûntwerp en in soad nije funksjes. Hattrick isn no net mear eksklusyf foar Sweden - do kinst it no ek yn it Ingelsk spylje en nije ynternasjonale kompetysjes wurde opset.
Mylpeallen
Hattrick fiert harren fiifjierrich bestean yn 2002 troch 60.000 brûkers út de hiele wrâld te hawwen.

In jier letter wurde de mylpeallen fan 100.000 en 250.000 brûkers al helle!

By it 10 jierrich bestean yn 2007 spylje mear as 900.000 brûkers Hattrick.
De Mienskip
Ien fan de grutste redenen foar Hattrick's groei is de fantastyske mienskip, dy't us helpt om it spul yn mear as 50 ferskillende talen oer te setten. Us foarums wurde ien fan de meast aktive op it Web, dêr't brûkers obsesseart prottelje oer harren Hattrick nasjonale ploechen, treningsstrategiën of de steat fan de wrâld yn it algemien.
Mobyl gean
Wylst wy trou bliuwe oan ús web ûnsteansskiednis, brûke leve hieltiten mear minsken mei harren snoadfoanen. Wy yntrodueseare ús earste iPhone app yn it begjin fan 2012 en de folslein oppenij boude fersjes foar iOS en Android yn 2014

Hjoed spilet ûngefear 50 % fan de Hattrick managers Hattrick op harren mobyl as tablet!
 
Server 096