Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Partners

Popmundo Battrick
Yn Popmundo, bisto in ryzjende stjer yn de musykyndustry. Betink in styl, foarmje in band en reizgje oer de wrâld yn dit fasinearjende spultsje. It hat op it stuit al mear as 300,000 aktive dielnimmers!

Dit spultsje is in sus fan Hattrick, en is ûntwikkele troch deselde minsken binnen Extralives AB dy't Hattrick ha ûntwikkele. Lyk sa as yn Hattrick, giet de wrâld fan Popmundo altyd mar troch - der bart altyd earne wat, der is altyd wol in plaat om op te nimmen as in geweldich 'efter de skermen' feest. Alle karakters dy'tsto tsjinkomst en wêrmei'tst kommunisearrest wurde bestjoert troch oare minsklike dielnimmers.

Popmundo is in strategysk spultsje mar wol maklik te dwaan. It is hiel goed mooglik om mar in pear kear yn de wike yn te loggen en noch boppe oan de hitlist te ferskinen. Ien fan de moaiste dingen yn dit spultsje is dat it in iepen ein hat: Atsto dyn nocht hast fan dyn húdige libbensstyl, dan kinst noch in hiel soart oare dingen dwaan - do kinst bygelyks in speurneus wurde, of gewoanwei it rêstich oan dwaan en in famylje opbouwe.

Battrick.org is in geweldich cricket-managementspul yn Hattrick-sfear. Dit is it perfekte spul foar leafhawwers fan cricket, en sil eltsenien dy't nijskjirrich is nei dizze sport in soad wille besoargje - wy kinne jim fertelle dat it behoarlik ferslavend wêze kin.

Do krijst in cricketklup om te bestjoeren. Treen spilers en lied harren troch de 'One Day League' en 'First Class' wedstriden - der is sels in ynternasjonale kompetysje wêr'tst oan meidwaan kinst, lyk as in Wrâldbeker foar nasjonale ploegen. De mienskip is tige freonlik en helpt graach.

Battrick is in gearwurking tusken Allan Fairlie-Clarke, in Hattrick dielnimmer en in foarmalich HT-moderator, en de Hattrick-ûntwikkelers.
 
Server 070